Juster, hjoed en moarn fan Stichting Nijjiersrevu De Jouwer sjit mei faasje troch de tiid. It iene momint sitte we yn de prehistoarje, it oare yn it restaurant fan de takomst. De sênes en lieten folgje inoar flot op. De foarstelling ûnder regy fan Chris Marijt hâldt dermei ús oandacht de hiele tiid fêst.