‘Spegelrinner giet oer dreambylden, binnenlûden, de simmer en de see, it wachtsjen, it omearmjen fan keunst, takomst en ferline’, meldt dichter Paul van Dijk (1981, Warkum) yn de oantekeningen achteryn syn twadde bondel. Foar syn earste, Famke fan snie (2018), krige er de Douwe Tammingapriis foar it bêste Fryske dichtdebút takend. Sit der diskear wer in priis yn?