Wat hie De Fryske Beweging yn Oekrayne te sykjen?

De Fryske Beweging, yn ’e persoan fan bestjoerslid Pieter de Zwart, hat nei Kyiv yn Oekrayne west. ‘Mei it [sic] besite oan de Oekraynske kollega’s wol De Fryske Beweging de ferbûnens mei oare minderheden yn Europa ûnderstreekje’, sa falt te lêzen op Goeie.frl. Wêr en foar wa hat De Zwart dy ferbûnens ta utering brocht? Foar watfoar kollega’s?