Wat, wa of wêr is de ‘siel fan Súdwest’? In protte minsken sille yn harren antwurd op dy fraach de ‘rêst en romte’ oanhelje dy’t de Súdwesthoeke te bieden hat. Ik tink dat se gelyk hawwe, ek al hie ik dat in pear jier lyn net tajûn.