
Skonk brutsen? Diabetes-2? Thúsbliuwe
We soene op fytsfakânsje nei Finlân. De fytsen hiene al in grutte beurt hân, de kaartsjes foar de boat sieten feilich yn de mailboks en it goeie sin hong al in dikke moanne oan de kapstôk op ús te wachtsjen. Dat koene we dus net ferjitte, mar geandewei de ôfteljende moanne die bliken dat we net fuort koene. ‘Wegens omstandigheden’, sa’t dat sa formeel hjit.